Fryske nammebuorden op stasjons
Nieuws
De stasjons fan Feanwâlden, De Westereen en Dronryp brûke fan hjoed ôf de offisjele Frysktalige nammebuorden. ProRail hat derfoar soarge dat de offisjele Fryske plaknammen (ynstee fan Veenwouden, Zwaagwesteinde en Dronrijp) lang om let op de buorden stean. Dit slút oan by de winsk fan deputearre Johannes Kramer, dy’t dit earder oan de oarder stelde.
Dermei komt oan mooglike betiizing by de reizigers in ein. It gebrûk fan de offisjele beneaming is fan belang om’t werkenning en in fêst byld bydrage oan in oangename en foarsisbere reis, sa seit ProRail. Dêrom sette de spoarbehearder al betiid dit jier, tegearre mei NS en Arriva, mei de nedige tariedings útein.
Mei allinnich it wizigjen fan de nammebuorden is it wurk nammentlik noch net dien. Alle bestannen, tekenings en bestjoeringsystemen moasten wizige wurde. Dit jildt ek foar de reisynformaasjesystemen, lykas de reisplanner fan NS en Arriva. Dat de nammen yn dizze perioade wizige binne hat te krijen mei de nije tsjinstregeling dy’t per 13 desimber 2015 yngien is.